Favoryt sneuvele op tredde list
Yn de tredde omloop by de Freule keatspartij yn Wommels moasten twa fan de favoriten tsjin inoar, Wommels en Stiens. Wommels luts oan it langste ein yn in partij dy't frij lang duorre.
Makkum, Berltsum, Tsjommearum en Nijewier keatsten harsels maklik nei de fjirde omloop. Spannender wie it tusken Hartwert en Sint Jabik dy't omstebeurt in earst pakten, mar Hartwert gie der mei de winst fan troch.
Trefwurden:
argyf