Lytse Taleburo Brussel fallyt

© Omrop Fryslân
It Europeesk Buro foar Lytse Talen yn Brussel is fallyt. It buro waard yn 1982 oprjochte om op Europeesk nivo op te kommen foar minderheidstalen as it Frysk, it Baskysk, it Sorbysk en it Welsk. It buro rekke yn 'e problemen omdat de Europeeske kommisje wegeret om it buro yn de besteande struktuer noch langer te subsidiearjen.
It bestjoer fan it buro wol no besykje om de aktiviteiten op in leger pitsje troch te setten fanút Dublin.