Ryksstipe oan Noarden wurke wol

11 aug 2004 - 10:45

De jierlykse ekonomyske stipe fan it ryk oan it Noarden hat yn it tiidrek 2000-2003 mear as 4500 banen opsmiten. Dat docht bliken út ûndersyk dat it Rotterdamske buro Ecorys útfierde yn opdracht fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Yn in earder rapport fan 'e Universiteit fan Amsterdam stie krekt dat de stipe gjin doel hawwe soe.

De fraach oft de stipe doel hat is wichtich, omdat steatssiktaris Van Gennip de ryksstipe skrasse wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)