Lemsterlân past op iepen lânskip

© Omrop Fryslân
Lemsterlân hâldt skerp tafersjoch om it iepen karakter fan it bûtengebiet te behâlden. Neffens wethâlder Wesselius komt it hieltyd faker foar dat minsken grutte tunen oanlizze, beamwâlen plantsje en sleatten tichtsmite sûnder fergunning fan de gemeente.
Faak is de oanplanting yn striid mei de agraryske bestimming fan in perseel. It kin foarkomme dat minsken twongen wurde har nij oanleine tún oan te passen as it sicht te bot fersteurd wurdt.