Eelke Dykstra diskwalifisearre

© Omrop Fryslân
Skûtsjeskipper Eelke Dykstra fan Wurdum is foar dit jier en de kommende twa jier diskwalifisearre troch it bestjoer fan 'e IFKS. It bestjoer joech Dykstra de swiere straf, omdat hy sylde mei in mêst dy't ferstevige wie mei in izeren tried en soks is yn striid mei de regleminten.
Dykstra waard yn 2003 noch kampioen fan 'e IFKS. Yn in earste reaksje seit de skipper dat er oerwaacht om op te hâlden mei it skûtsjesilen.