Frou easket behanneling Eye4Care

© Omrop Fryslân
In frou út Harns wol by de rjochter ôftwinge dat de klinyk foar alternative genêswizen Eye4Care yn Harns in terapy trochset. De rjochter hat de klinyk in skoftsje ferlyn ferbean in tal terapyen noch langer oan te bieden om't it personeel it foech dêr net foar ha soe.
De sike frou seit wol baat te hawwen by de terapy tsjin har kanker. Sy easket dat de oerheid de klinyk tastiet de behannelingsoerienkomst mei har nei te kommen. It koart pleit is tongersdei.