Van der Burg tredde yn Antwerpen

09 aug 2004 - 16:12

Germ van der Burg fan Folsgeare is snein as tredde einige yn 'e ronde fan 'e provinsje Antwerpen. Yn 'e fjirde en lêste etappe oer 185 kilometer luts Germ de sprint oan foar syn ploechmaat Fulko van Gulik, dy't de oerwinning pakte.

Yn it einklassemint hie Germ in achterstân fan 31 tellen op de Belgyske winner Bart Heirewegh.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)