Mêst brutsen fan Oude Zeug

09 aug 2004 - 15:57

Noch foardat de twadde IFKS-wedstriid moandei by Starum fan start gie, hat de kampioen fan foarich jier syn boat mei averij nei de wâl brocht. Troch de hurde wyn bruts de 30 sm dikke mêst fan Eelke Dykstra syn Oude Zeug midstwa. De mêst wie der dit jier krekt nij opkaam.

Letter yn de wedstriid sloech it skûtsje Ut en Thús fan Henk Regts om. Dêr wie de averij noch grutter. Behalve dat de mêst bruts, gie ek in swurd nei de barebysjes om't it yn 'e grûn rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)