Ferkeap foutparkearde fytsen

09 aug 2004 - 15:44

Kringloopwinkel Estafette yn Ljouwert begjint oer fjirtjin dagen mei de ferkeap fan foutparkearde fytsen. De parkearplysje hat dêrfoar in gearwurkingsferbân sletten mei de Estafette.

Meiwurkers fan Estafette meitsje sûnt maaie alle tiisdeis in rûntsje troch de stêd om de foutparkearde fytsen op te heljen. Eigners krije 3 moanne de kâns de fyts werom te keapjen. Dêrnei mei Estafette se ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)