Burgumer sintrale draait minder

09 aug 2004 - 15:13

De elektrisiteitssintrale yn Burgum draait op dit stuit mei in legere kapasiteit. Troch it waarme waar wurdt de temperatuer fan it wetter yn de Burgumermar heger. It is dan foar de sintrale dreger om it kuolwetter te loazen.

In wurdfierder skat de temperatuer fan it wetter yn de mar no op sa'n 23 oant 24 graden. De kapasiteit fan de sintrale is mei tsien prosint weromdraaid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)