Keatsen: winst V.d. Meer-en-dy

09 aug 2004 - 13:34

Yn Menaam wie snein it haadklasse keatsen frije formaasje foar de manlju. De partoeren fan Rutmer van der Meer en Johan Meirink berikten de finale. Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar wûnen mei 5-1 en 6-2.

Beide partoeren wiene mei in steand nûmer yn de finale kommen. Yn de heale finale fersloech it partoer fan Johan Meirink mei 5-3 en 6-4 it partoer fan Klaas-Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)