Ielfangen ferbean yn Noardwâlde

© Omrop Fryslân
De ûndernimmersferiening Noardwâlde wol takom jier opnij besykje it berne-spultsje ielfangen te organisearjen. It spultsje hâldt yn dat bern iel út in swimbad fiskje en besykje moatte dy yn in amer mei wetter te dwaan.
It spultsje koe dit jier net troch gean om't de bistebeskerming in klacht yntsjinne by de gemeente West-Stellingwerf. De gemeente ferbea dêrop it spultsje.