CDA: Frijheidswyk moat wapenfrij

© Omrop Fryslân
It CDA Ljouwert wol alles op alles sette om de Frijheidswyk wapenfrij te krijen. Dat bestjut ûnder oare mear plysjes en previntyf fûllearje, seit riedslid Gea Dames fan it CDA.
De politike partijen reagearje allegear skokt op it drama fan ôfrûne freed, doe't in man (22) himsels deaskeat nei't er in jonge (16) swier ferwûne hie mei in pistoalskot. Dochs hawwe PvdA, GrienLinks, VVD en SP twifels oft previntyf fûllearjen wol de oplossing is