Feansters ferlieze fan Basken
SC Heerenveen hat sneon de lêste oefenwedstryd tsjin Athletic de Bilbao ferlern. Yn it eigen stadion wie de nûmer fiif fan de Primera Division te sterk foar de Feansters. It waard 1-2.
Yn it skoft wie it noch 0-0. Hearrenfean kaam flak dêrnei achter troch in eigen doelpunt fan Petter Hansson, Ariaga makke flak dêrnei de 0-2. Ynfaller Georgios Samaras makke yn de lêste minút noch de 1-2. It Fean spilet no sneon út tsjin AZ yn Alkmaar.
Trefwurden:
argyf