Sjitpartij: 'Ut de hân rûn spul'

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales is skokt troch de deadlike sjitpartij yn de Ljouwerter Frijheidswyk. De oanlieding foar it drama is nei alle gedachten in út de hân rûn spultsje mei in pistoal. In man (22) skeat in jonge fan 16 yn it boarst. Hy tocht dat der gjin kûgel yn it pistoal siet. De skutter draafde fuort en skeat himsels troch de holle.
De jonge fan 16 is swier ferwûne opnaam yn it sikehûs. Hy is neffens de plysje net yn libbensgefaar.