SKS-kampioen sneon huldige

© Omrop Fryslân
Eldert Meeter en de bemanning fan it Boalserter skûtsje binne sneon op feestlike wize huldige yn Boalsert. Meeter waard trije kear earste by de SKS-silerij. Hy wûn achterelkoar by Wâldsein, Ealahuzen en De Lemmer.
Op de lêste dei by Snits waard Boalsert achtste. Meeter einige flak foar syn grutste konkurrint Pieter Brouwer fan It Hearrenfean. Santjin jier lyn waard it Boalserter skûtsje foar it lêst kampioen by de SKS.