Twa slachtoffers Russysk rûlette

07 aug 2004 - 11:48

De sjitpartij freed yn de Ljouwerter Frijheidswyk is it gefolch fan in spultsje Russysk rûlette. Dat sizze de bewenners fan de Pilotenespel, dêr't it drama plakfûn.

Fjouwer jonges en in famke setten inoar om bar in pistoal op it boarst. Se mienden dat der gjin kûgels mear yn it pistoal sieten. Mar by in Ljouwerter (16) gie it dochs ôf. Hy rekke swier ferwûne. De skutter (22) rûn doe fuort en hat himsels by de feart deasketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)