Fryske dielname oan NK Skaken'05

© Omrop Fryslân
Oan it Nederlânsk Kampioenskip Skaken 2005 docht takom jier yn elts gefal ien Fries mei. Sipke Ernst fan Damwâld en Daan Brandenburg fan Langsweagen moatte yn in herkamp útmeitsje wa fan de twa him pleatst by de tsien beste skakers fan Nederlân.
De beide Friezen meie om dit plak stride omdat sy as bêste Nederlanners einigen op it Iepen Nederlânsk Kampioenskip yn Dieren. Dêr waarden de beide Friezen dield tredde.