Cambuur wint mei 1-5

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneontemiddei de earste wedstriid fan de Amstel Cup wûn. It wie de earste offisjele wedstriid foar de fuotbalploech út Ljouwert. De earstedivyzjeklub wûn yn Zwolle mei 1-5 fan de amateurs fan Be Quick '28.
De start gie wat muoisum, want Cambuur kaam sels op in 1-0 achterstân, mar letter waard alles goedmakke. Dominique van Dijk makke yn dizze wedstriid trije fan de fiif doelpunten foar Cambuur.