'Brancard moat yn lift passe'

06 aug 2004 - 15:39

De gemeente Boalsert moat wat dwaan oan de minne berikberheid fan âlderein- hûzen foar helpferlieners. Dat skriuwt it CDA yn de ried fan Boalsert oan boargemaster en wethâlders.

Oanlieding is in foarfal op de Sint Jozefstrjitte, begjin july. De brânwacht moast doe in ljedderwein ynsette om in pasjint nei ûnderen te krijen, omdat de lift te lyts wie foar de brancard. Soks soe ek al in pear kear earder gebeurd wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)