Snits wint by De Lemmer (2)

06 aug 2004 - 15:35

Douwe Visser is tongersdei yn de twadde wedstriid op 'e Lemmer mei it Snitser skûtsje as winner oer de finish kaam. Twadde waard Jitze Grondsma mei de Heale Moanne en tredde kampioens- kandidaat Eldert Meeter fan Boalsert.

Earnewâld hie in protest tsjin Boalsert mar hat dat letter wer ynlutsen. De oare kampioenskandidaat Hearrenfean waard 9e. Boalsert stiet no 1ste mei 24,7 punten en Hearrenfean 2e mei 30,9. Freed falt yn Snits de beslissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)