Huizenga tred yn prolooch

06 aug 2004 - 11:50

Nei de earste etappe en de prolooch stiet Germ van der Burg fan Folsgeare op it tredde plak yn de Ronde fan de provinsje Antwerpen. Hy waard fjirde yn de tiidrit en 13e yn de earste etappe. Jenning Huizenga fan Frjentsjer ried yn de prolooch twa tellen rapper as Van der Burg, hy waard tredde.

Yn de earste etappe einigen de earste 16 fytsers ticht byinoar. Huizenga wie dêr net by. Van der Burg stiet 31 tellen achter de giele liederstrui.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)