Kampemint út stientiid fûn

06 aug 2004 - 11:50

By wurksumheden oan de Wâldwei ha argeologen in kampemint út de stientiid ûntdutsen. Op it plak dêr't ynkoarten begûn wurdt mei de oanlis fan it akwadukt, krekt ûnder Ljouwert, is in âlde en frij geve nedersetting bleatlein fan mar leafst 7000 jier âld.

Dat is foar Fryslân bysûnder. Argeologen ha mar twa wike de tiid om it plak te ûndersykjen en guod te rêden. It sykjen nei foarwerpen is lykwols tige sekuer wurk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)