Gemeente wol reklamebuorden kwyt

05 aug 2004 - 17:25

De gemeente Gaasterlân-Sleat wol ôf fan yllegale reklamebuorden. De buorden steane yn de berm of binne befestige oan gevels fan bedriuwen.

It giet om sa'n 400 buorden dêr't it kolleezje nea fergunnings foar ôfjûn hat. De gemeente hat yn juny de bedriuwen witte litten dat se oan 9 augustus ta de tiid hawwe om in fergunning oan te freegjen. Acht hawwe dat mar dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)