Seldsum plantsje yn Dokkum

05 aug 2004 - 14:23

In seldsum plantsje, de lytse kaardebol, is ûntdutsen yn Dokkum. It waard yn it Tolhúspark by it azc oantroffen troch Thys Folkertsma, ekskurzjelieder yn it park. Hy koe it plantsje net, mar de Nederlandse Ecologische Flora brocht útkomst.

It plantsje komt foar yn Azië en Súd-Europa, en is yn ús provinsje noch nea sinjalearre. Sa lang de plant noch stean bliuwt, komme de ekskurzjes fan Folkertsma der by del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)