40% minder auto's stellen

05 aug 2004 - 14:04

It tal auto's dat yn Fryslân stellen wurdt, rint hurd werom. Yn de earste sân moanne fan dit jier binne 157 auto's stellen. Yn deselde perioade foarich jier wiene dat noch 276 eksimplaren. De stellerij is dus goed 40% minder wurden.

Dat wylst it gemiddelde yn Nederlân stekken bliuwt op in daling fan 10%. Yn Grinslân naam de autostellerij lykwols ta en yn Drinte bleau it gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)