Ekstra kontrôle fanwege droechte

© Omrop Fryslân
De natuergebieten yn Fryslân sille de kommende dagen goed yn 'e gaten holden wurde yn ferbân mei brângefaar fanwege de oanhâldende droechte.
Dit wykein wurde in soad toeristen ferwachte yn de natuergebieten en dat makket de risiko's grutter. Alle 80 meiwurkers fan Steatsboskbehear sille dêrom in eachje yn it seil hâlde. As it noch lang droech bliuwt, wurde mear boskwachters ynset foar kontrôles.