Ungemak by Concours Hippique

05 aug 2004 - 11:49

By it Concours Hippique woansdei yn Bûtenpost binne twa minsken ferwûne rekke. Dat barde doe't frou Postma in eareronde ride mei it hynder Ulco.

It hynder rekke op 'e kletter sadat de sjees tsjin in hek ramde. In sponsor dy't op de sjees siet foel en is mei wierskynlik in brutsen heup nei it sikehûs ôffierd. In taskôger rekke slim ferwûne oan de nekke en de holle. Ek sy is nei it sikehûs oerbrocht. It Concours hat in skoft stillein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)