Ferrassend nei finale

04 aug 2004 - 18:06
Foto: Omrop Fryslân

It earsteklaspartoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniel Iseger berikte tige ferrassend de finale. It partoer fersloech Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra yn de heale finale mei 5-2, 6-2.

Bouma en dy hiene in goede start en kamen mei 2-0 foar. Doe begûn it partoer Abma te draaien en wie der gjin hâlden mear oan. Abma en dy hiene earder al ûnder mear de kening fan ferline jier Dijkstra útskeakele.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)