Histoaryske winst Van der Wal

04 aug 2004 - 15:27

Antke van der Wal is tiisdeitejûn nei in histoaryske sege ljept yn Burgum. Sy wûn foar de 150ste kear in deititel. Yn har lêste finalesprong gie se Jantina de Vreeze foarby mei in sprong fan 14.27.

By de manlju gie de oerwinning nei de Warkumer Rein van der Wal, mei 18.42. Dat wie fier foar nûmer twa, Klaas Haanstra, dy't 17.17 sprong. By de junioaren gie de winst nei Piet Scherjon út Burgum mei 17.27.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)