Van der Meer wint titanestriid
De striid yn de earste omloop tusken de twa favorite partoeren Berkepas en Van der Meer is wûn troch it partoer Van der Meer, Kuipers en Wassenaar: 5-5 6-2.
Yn de twastriid stiene de toppartoeren fan dit seizoen, mei elk in ûnbidich soad PC-ûnderfining, op it fjild. Yn in spannende striid kamen Berkepas en dy werom fan 5-2 nei 5-5, mar doe wie it André Kuipers dy't boppe sloech op 6-2.
Trefwurden:
argyf