CDA tinkt om dak- en thúsleazen

04 aug 2004 - 10:08

It CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert wol witte hoefolle dak- en thúsleazen der binne yn Ljouwert. Doel is helder te krijen oft der knyppunten binne by de helpferliening.

Yn it jierferslach fan it Leger des Heils stiet dat helpferlieners net goed ynspylje op de problemen fan de dak- en thúsleazen. It CDA wol witte oft der ek problemen yn Ljouwert binne. As dat sa, moat de gemeente mei jild oer de brêge komme foar de dak- en thúsleazen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)