Opskuor yn Drachtster sikehûs

03 aug 2004 - 13:30

In 27-jierrige ynwenner fan De Tynje soarge moandei foar opskuor yn it sikehûs fan Drachten. De man sei dat er eksplosiven by him hie en smiet in klok op 'e baly. Dêrnei gie er nei de poly- klinyk en gizele dêr trije meiwurkers. De befeiliging skeakele de plysje yn.

De man bedrige de trije froulju mei in stanlymes. In plysjeman hat him doe oanbean as gizelder yn it plak fan de froulju. De ynwenner fan De Tynje koe dêrnei oanholden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)