Goede rispinge fan prommen

© Omrop Fryslân
Prommen groeie dit jier mar bêst. De rispinge fan prommen hat yn tiden net sa goed west. Dat seit fruitteler Van Alfen fan Sint Jabik. De goede rispinge komt troch it waar fan de ôfrûne moannen. Sa foel der in soad rein en soarget de temperatuer fan no foar in goede groei fan it fruit.
Ek de prizen foar de prommen lizze dit jier heger as oars. Sa wurdt op de feiling likernôch oardel euro betelle foar in kilo.