Undúdlikheid oer boufergunning

03 aug 2004 - 10:27

Tytsjerksteradiel is fernuvere oer in publikaasje fan de Vereniging Eigen Huis. Ut in stekproef docht bliken dat de tariven foar in boufergunning yn dy gemeente dit jier mei 31 prosint tanaam binne. Neffens wethâlder Nijboer kloppet dat net en binne de leges sa'n 10 prosint omheech gien.

De gemeente ûndersyket hoe't dizze sifers nei bûten kaam binne. Neffens de wethâlder is Tytsjerksteradiel ien fan de goedkeapste gemeenten fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)