Sykaksje Kanadamar wer fierder

© Omrop Fryslân
Yn de Kanadamar by Elslo is moandei fierder socht nei it stoflik omskot fan in 16-jierrige bewenner fan it azc yn Appelskea. De jonge dêr't it om giet is freedtejûn ferdronken yn de Kanadamar by Elslo. By it sykjen binne ûnderwetterscooters ynset.
Dûkers fan de brânwacht en spesjaal trainde hûnen ha freed en sneon ek al socht. De Kanadamar is simmerdeis in populêre swimfoarsjenning yn de gemeente, mar bliuwt foarearst ticht.