'Kunstmachine.nl' foar bern

© Omrop Fryslân
Kompjûterbedriuw Snakeware út Snits hat in webside makke foar bern op it spesjaal ûnderwiis. Se kinne dermei filmkes, muzyk en keunst meitsje. Dat is bysûnder want foar bline en dôve bern is net folle software beskikber.
Yn gearwurking mei in tal skoallen wurdt de bern leard om te gean mei programma's as Paint Shop Pro en Magix music maker. Skoallen kinne maklik meidwaan om't de side kunstmachine.nl op ynternet stiet.