Hege priis foar slachtkij

02 aug 2004 - 12:02

De priis foar slachtkij hat sûnt de tongblierkrisis noch net sa heech west as op dit stuit. Der is krapte op de merk foar slachtkij en dus geane de prizen omheech.

Op de Ljouwerter feemerk moast ferline wike yn trochsnee sa'n 50% mear betelle wurde foar in slachtko as normaal. De ferwachting is dat de prizen noch mear omheech gean sille. Yn de simmer moat der altyd al wat mear betelle wurde foar slachtkij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)