Gjin skealike stoffen by brân

© Omrop Fryslân
By in brân sneontejûn by it eardere transportbedriuw DBO-Dokkum binne gjin skealike stoffen frijkaam. Der is wol asbest frijkaam, mar dat leit op it terrein sels. De brân hat de loads folslein fernield. Der waarden fiif korpsen ynset om it fjoer te betwingen.
De gemeente Dongeradiel hat in spesjaal tillefoannûmer iepensteld foar minsken dy't fragen ha oer de gefolgen fan de brân. Dat nûmer is: 0519 - 29 88 88.