Mear keatsútslaggen

02 aug 2004 - 11:54

It partoer Sjoke van der Veen, Debora Oosterman en Leonie Zeinstra hat sneintemiddei it froulju's haadklasse keatsen yn Seisbierrum wûn. Se wûnen yn in spannende finale fan it partoer Géjanne Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hylkema.

It partoer Simon Minnesma, Karel Nijman en Folkert van der Wei hat it earsteklasse keatsen yn Wergea wûn. Se wûnen yn de finale fan Pieter Otte Kingma, Hylke Bruinsma en Peter de Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)