Syktocht nei jonge staakt

02 aug 2004 - 11:23

De brânwacht en de plysje binne ophâlden mei it sykjen nei it stoflik omskot fan de 16-jierrige bewenner fan it azc yn Appelskea. Hy is freedtejûn ferdronken yn de Kanadamar by Appelskea. It sykjen troch dûkers en mei spesjale sonarapparaten hat neat opsmiten.

Neffens de brânwacht binne der gjin oare opsjes mear. It is no in kwestje fan tiid en wachtsjen oant it omskot út himsels nei boppe of op 'e wâl komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)