Klaas Haanstra wint fierljeppen

01 aug 2004 - 17:35

De Nasjonale Fierljepmanifestaasje yn It Heidenskip is sneon by de senioaren wûn troch Klaas Haanstra fan Warkum. Hy sprong yn de finale in ôfstân fan 17.68 meter. Twad waard Rients van der Wal fan It Heidenskip mei 17.50 meter. Tred wie Bart Helmholt fan Burgum mei 17.43.

By de junioaren gong de titel nei Hannes Scherjon fan Noardburgum mei in ôfstân fan 17.90 m. Jantina de Vreeze fan Blauhûs wûn by de froulju mei 14.44 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)