Drachten wint SKS-silerij Starum

© Omrop Fryslân
Drachten hat sneon it skûtsjesilen yn Starum wûn. It oare Drachtster skûtsje, dat fan de Heale Moanne, kaam as bêste út de start. Mar hy rekke de kopposysje al frij gau kwyt.
Drachten kaam ferline jier yn Starum ek as earste oer de streek. Hiel lang sieten Snits en It Hearrenfean yn duel. Mar it wie lang om let 't Fean dat twadde waard. Snits waard tredde, wat goed útpakt foar it klassemint foar de Snitsers.