Mylius twad by fytsen Assen

01 aug 2004 - 15:20

Daniel Kreutzfeld fan Grave (Dútslân) is de einwinner wurden by de junioaren fan de 40e ynternasjonale Jeugdtour fan Assen. Nei 6 dagen fytsen hie er 18 tellen foarsprong yn it algemien klassemint op Caspar Mylius út Ljouwert.

Rienk Nauta fan Twellingea waard fjirde yn it einklassemint. By de nijelingen gong de oerwinning nei Martijn Keizer fan Muntendam. Rutmer Faber fan Easterwierrum wie op it tolfde plak de bêste Fries.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)