Plysje: 'net nei Kanadamar ta'

© Omrop Fryslân
De plysje rôpt minsken op om sneon net nei de Kanadamar by Elslo te kommen. De plysje is dêr drok dwaande mei in syktocht nei in fermiste 16-jierrige jonge, in bewenner fan it azc fan Appelskea. Plysje en brânwacht sykje op de Kanadamar, of Aekingamar sa't it wetter offisjeel hyt.
De mar en de omjouwing binne ôfset. De plysje lit net ien troch. Swimmers en deitoeristen kinne dus net nei de Kanadamar by Elslo.