Bouma-en-dy winne Seisbierrum
Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra hawwe sneon it haadklassekeatsen yn Seisbierrum wûn. Se fersloegen yn de finale it partuer Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra mei 5 om 'e 3 en 6 gelyk.
De tredde priis gie nei it partuer fan Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar.