Drokke tiden by gersdroegerijen

31 jul 2004 - 17:15

Gersdroegerijen yn Fryslân draaie folop. Alle boeren binne oan it meanen en wolle fan it gers ôf. Soms moat in gersdroegerij nee ferkeapje om't it oanbod te grut is. It gers is frij lang en ek hiel droech nei it moaie waar fan de lêste dagen. De droegerijen krije dêrom minder jild foar it gers. Mar it kostet se ek minder enerzjy om it gers droech te krijen.

De droegerij op De Pein makket dagen fan moarns 04.00 oant jûns 21.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)