NMa docht ynfal by Heiploeg

31 jul 2004 - 10:18

Kartelwaakhûn NMa hat in ynfal dien by garnalegruthanneler De Heiploeg yn Sâltkamp. Der wurdt opnij ûndersocht oft der ek ferbeane priisôfspraken makke binne. De fiskers hawwe harsels in fangstbeheining oplein om sa ta minder oanfier en hegere prizen te kommen. Earder krige de sektor ek al in boete foar priisôfspraken. Neffens De Heiploeg binne dy der no net, want it giet inkeld om advizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)