'Edman nei Tottenham Hotspur'

© Omrop Fryslân
Fuotbalclubs SC Hearrenfean en Tottenham Hotspur binne it iens wurden oer in transfer fan Erik Edman. De Sweedske fuotballer giet oer nei de Ingelske club. Dat skriuwt it Algemeen Dagblad. Wat ek meispile, wie ek dat Edman's frou net aardzje koe op It Fean.
Edman soe direkt oan de slach kinne by de club út Londen. De 26-jierrige linksback moat allinnich noch persoanlik oerienstimming berikke mei 'The Spurs'.