Gedichtôfdrukken yn it strân

© Omrop Fryslân
Fiif miljoen kear jins gedicht ôfdrukt yn it sân fan Flylân. Dat is de priis fan in dichtwedstriid op it eilân. De Flyhors Ekspres organisearret de wedstriid. De organisaasje hâldt rûnritten oer it strân.
It winnende gedicht wurdt yn ien fan de achterbannen fan de ekspres snijd. De romte is dêrby beheind. It gedicht mei net langer wêze as 56 tekens. As der flink wat ynstjoerings komme, is de wedstriid takom jier wer.